Dizze gearkomste stiet yn it teken fan Sûnens mei as subtema 'Deagewoan' (doodgewoon). Der is in prachtich ferskaat programma mei in merk fan by de koöperaasje oansletten soarchprofessionals, workshops en ferskate sesjes om it tema Deagewoan hinne. Bist ynteressearre yn (holistyske) sûnens? Kom gesellich del!
It programma befettet ferskate ûnderdielen. Do kinst oan ien of mear ûnderdielen meidwaan. Op ‘e jûn binne der ek minsken fan it basisteam Sûnens beskikber om mei yn ’e kunde te kommen en foar al dyn fragen.
| 18:15 - 19:00 | Mienskiplik ite, let op: Potluck |
| 18:50 - 19:00 | Iepening troch basisteam Sûnens, útlis oer it program fan de jûn, it tema Deagewoan en koarte presintaasje wurkgroep Sûnens Paadwizers |
| 19:00 - 21:30 | Merk Sûnensprofessionals en ynformaasje Kom yn 'e kunde mei de minsken efter de ferskate bedriuwen dy 't oansletten binne by de koöperaasje. Op dizze merk kinst mei harren yn petear en besjen wat se yn de koöperaasje ynlizze. De minsken fan it Sûnens basisteam binne der ek foar yn 'e kunde kommen en al dyn fragen. Fierder fynst hjir ûnder oare de wurkgroep Sûnens Paadwizers. |
| _______________ |
It program om it tema Deagewoan start om 20:00 oere hinne en einiget om 22:00 oere. By dielname oan dit tema is dat foar de hiele doer fan de jûn, dus fan 20 oere oant 22 oere.
| 19:00 - 19:40 | Nijs & Updates De ûnderwilens bekende útwikselsesje dêr 't wy inoar byprate oer wat der sa al spilet en mei nije minsken yn 'e kunde komme. |
| 19:50 - 20:00 | Ynrin foar sesjes om it tema Deagewoan hinne |
| 20:00 - 20:30 | Iepening Deagewoan De jûn om dit tema hinne wurdt plenêr iepene. De leden fan de wurkgroep yntrodusearje it tema en fertelle mear oer de fjouwer sesjes dy jûn. Dielnimmers kinne twa sesjes kieze út it oanbod. |
| 20:30 - 21:00 | Sesje 1 |
| 21:00 - 21:15 | Koart skoft |
| 21:15 - 21:45 | Sesje 2 |
| 21:45 - 22:00 | Mienskiplik ôfrûnjen fan de jûn oer dit tema |
| _______________ |
| 20:00 - 21:30 | Sûnens Zelfzorg Wy wolle dy bewust meitsje fan de rykdom fan de natuer en dy ynspirearje om dyn eigen middeltsjes te meitsjen. Meld dy oan ast meidwaan wolst. Der is plak foar maksimaal tsien dielnimmers. |
| _______________ |
| 17:00 - 18:00 | Aiki training Allinne foar leden |
| 19:00 - 19:30 | Wurkgroep Yntinsjekrêft Allinne foar leden |
| 20:00 - 21:00 | Koarte workshops: meitsje kennis mei Chi Kung en Aiki Spesjaal foar de temajûn Sûnens wurde nei-inoar twa workshops fan in healoere oanbean dy 't los, mar idealiter beide bywenne wurde kinne. Dizze twa trainingen lizze hiel bot yn elkoars ferlingde en hearre ta deselde tradysje. Se bouwe ek op elkoar troch. Om it simpel te stellen: mei de Chi Kung training soargest dat de enerzjy streame sil en mei de Aiki training giest dêr wat aktiver mei oan it wurk. It bêste is om it gewoan te ûnderfinen! |
| 20:00 - 20:30 | Chi Kung Chi Kung is in âlde Sineeske bewegingslear. It giet om lichemsoefeningen dy 't de bedoeling hawwe om sawol it fysike as de ferskate energetyske lichems skjin, ûntspannen en streamend te meitsjen. |
| 20:30 - 21:00 | Aiki Aiki of fasciatraing is in Japanske leat oan in milennia-âlde stam dy ‘t troch hiel Azië rint. De training bout in sterk en fitaal lichem troch mei help fan 'intent’ de fassialinen te aktivearjen. Dat kreëarret in lichem dat oeral ferfolle is fan yin en yang-enerzjy. |
| _______________ |
Do kinst dy oanmelde foar dizze ynrin troch in e-mail te stjoeren nei info@frij.frl. Wolst mei-ite? Jou dit dan oan yn dyn e-mail. It iten is om 18:15 klear.